Omrin leget wer konteners

18 des 2009 - 10:40
  • Omrin hellet freed de konteners wer op

De jiskeweinen fan Omrin ride freed wer. De ôffalferwurker hat dêr ekstra personiel foar ynset. Tongersdei koe der fanwege de waarsomstannichheden sawat gjin kontener lege wurde. Alle rûtes dy't tongersdei net riden wurde koenen, wurde freed ynhelle.

Dat jildt lykwols net foar de gemeenten Hearrenfean, Opsterlân en Weststellingwerf. Minsken dy't dêr ôffal kwyt wolle, kinne dat nei de miljeustrjitte bringe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)