Omrin kin starte mei test REC

24 des 2010 - 15:59

Ôffalferwurker Omrin kin útein sette mei it testen fan de oven. Stichting Afvaloven Nee hie om in skorsing fan de miljeufergunning frege salang't de beswierproseduere rint by de Ried fan Steat. De ried fynt lykwols dat de belangen fan Omrin grutter binne as de miljeurisiko's foar it testen.

It betsjut dat Omrin yn jannewaris begjint mei it opwaarmjen en droegjen fan de tsjettel. As dat wurket sil koart dêrnei besjoen wurde oft de oven foar it ferbrânen fan it ôffal wurket.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)