Omrin kin ruften net mear kwyt

29 okt 2007 - 16:50

Offalbedriuw Omrin kin syn ynsammele ruften net mear kwyt oan it bedriuw Knowaste. Dit rufte-recyclingbedriuw út Arnhem is ynienen ophâlden. Omrin hellet op 300 plakken yn Fryslân ruften op en giet dermei troch. De smoarge ruften wurde opslein op Ekopark de Wierde.

Der sil gau socht wurde nei in oar bedriuw dat de ruften ferwurkje kin. Oars hâldt de recycling op en moatte de ruften by it restôffal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)