Omrin iepenet needwinkel Harns

29 sep 2014 - 11:48
  • Yn augustus baarnde de Omrinwinkel folslein ôf

Omrin hat tydlik ûnderdak fûn foar de winkel yn twaddehânsk guod yn Harns. Fan 't simmer baarnde de ynbringwinkel yn Harns folslein ôf. De tydlike winkel komt tsjinoer de ôfbaarnde loads oan de Hermeskade.

Offalferwurker Omrin iepene in pear wike lyn in ynbringpunt yn Harns. Ynwenners hawwe mei-inoar in loadsfol oan guod ynbrocht. Dêr wurdt de tydlike winkel mei ynrjochte. Sneon is de iepening fan de 'kringloopwinkel'. Omrin ferwachtet dat de ôfbaarnde loads takom simmer wer opboud is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)