Omrin bout wer oan REC

30 aug 2010 - 10:04
  • It wurk oan de stoomlieding is moandei wer begûn

Omrin is moandei wer oan de slach gien mei de oanlis fan de stoomlieding by de restof-ôffalstoffesintrale yn Harns. Sneon waard it wurk troch de plysje stillein omdat in boustop oplein wêze soe troch de gemeente.

De boustop soe oplein wêze omdat der gjin goeie fergunning leit. Omrin ontkent dat lykwols. Neffens it bedriuw is der gjin formele brief fan de gemeente binnenkaam oer de boustop. En omdat dy brief der net wêze soe, is der neffens harren ek gjin boustop.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)