Omrin binnen de noarmen

01 jun 2011 - 16:10

De wearden fan dioksinen en swiere metalen dy't by it ferbrânen fan smoargens yn de nije ôffaloven yn Harns frijkomme, bliuwe binnen de noarmen dy't dêrfoar fêststeld binne. De dioksinen dy't frijkomme binne amper fêst te stellen.

Dat docht bliken út ûndersyk fan in spesjalistysk ûndersyksbedriuw dat dien is yn opdracht fan ôffalbedriuw Omrin Woansdei binne de resultaten fan de mjitting presentearre. Omrin is tefreden mei de mjitresultaten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)