Omniworld út kompetysje

27 nov 2008 - 20:07

Folleybalcoach Olof van der Meulen en spiler Erik Schuil komme net mear yn aksje foar Omniworld. De jildsjitter - de Robert J Reinders Group - hat besletten om gjin jild mear te stekken yn de A-league feriening út Almere. Dêrom is tongersdei it fallisemint oanfrege en wurdt de ploech daliks weromlutsen út de kompetysje.

Ferline jier wie der ek al jildpine yn Almere, doe hat Reinders de saak noch rêden. Omdat der gjin nije sponsors bykaam binne, is it no dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)