Omnibus Burdaard hâldt op

10 jul 2013 - 12:20
  • De omnibus fan Burdaard ferdwynt.
  • Der komt gjin bus mear by de halte yn Ginnum

Sân moannen nei de feestlike start is der alwer in ein kaam oan de Omnibus by Burdaard. Mei dizze bustsjinst koene reizigers út bygelyks Jislum, Wanswert en Ginnum foar 2 euro nei de bushaltes yn Burdaard en Ferwert brocht wurde. Dêrfoar waard in buske brûkt, dat bestjoerd waard troch 12 frijwilligers. Der like by it opsetten in soad fraach te wêzen nei dit soarte ferfier, mar yn de praktyk kamen der kwalik passazjiers. Der wiene sels dagen dat it buske hielendal leech bleau.

De provinsje stipe it ynisjatyf foar 35.000 euro. Noch mar in part dêrfan wie útjûn. It jild dat oer is giet werom nei de provinsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)