Omliedings Drachtsterwei

05 apr 2014 - 10:09
  • De MIP-masjine oan it wurk by it Drachtsterplein

Guon ynwenners en besikers fan Ljouwert moatte sûnt freedtejûn in goed ein omride om de stêd yn en út te kommen. De Drachtsterwei en de Drachtsterbrêge is it hiele wykein ôfsletten yn ferbân mei de oanlis fan in akwadukt ûnder it Van Harinxmakanaal troch.

It ferkear wurdt omlaat fia de Werpsterhoeke en de Oeriselsestrjitwei, en ferkear dat út it easten fan de provinsje komt kin fia Burgum en Hurdegaryp yn Ljouwert komme. In grutte MIP-masjine graaft dit wykein in polderdyk dwers troch de Drachtsterwei hinne.

Fanwege de omliedings stienen sneontemiddei files fan ferkear dat de stêd yn en út komme woe, fral rjochting de A32, de Oeriselsestrjitwei rjochting It Hearrenfean. Neffens manager Eric Post fan Heijmans BV hat it ferkear moandeitemoarn gjin lêst mear fan de wurksumheden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)