Omkommen militêr út Frjentsjer

11 maaie 2004 - 00:00

De militêr dy't moandei yn Irak by in oanfal mei in hângranaat om it libben kommen is, komt út Frjentsjer. It giet om in 36-jierrige sersjant fan it tolfde ynfanterybataljon fan de alfde loftmobile brigade. De sersjant wie troud en heit fan twa jonge bern.

De man is de jûns oan syn ferwûnings ferstoarn. Oer syn eftergrûn is op dit stuit noch net mear bekend. In twadde militêr dy't by de oanslach swier- ferwûne rekke, is bûten libbensgefaar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)