Omkommen frou achter stjoer

24 des 2010 - 10:30
  • Foto: Omrop Fryslân

De frou dy't woansdeitenacht omkaam by in auto-ûngelok yn Broeksterwâld, siet sels achter it stjoer. Dat hat de plysje bekend makke nei ûndersyk. Yn earste ynstânsje wie net dúdlik oft de frou ried of in ynwenner fan Damwâld, dy't ek yn de auto siet.

De auto mei de twa rekke op de Schwartzenbergloane troch noch ûnbekende oarsaak yn 'e slip en botste tsjin in beam en in daam. De frou ferstoar op it plak fan it ûngelok, de Damwâldster rekke licht ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)