Omkeappoging yn fuotbal

06 maaie 2007 - 17:58
  • De Jouwer benadere foar omkeaping

Sneinshaadklasser De Jouwer is benadere foar in omkeappoging. De Jousters spilen tsjin Lienden dat yn de degradaasjesône sit. De Jouwer is al degradearre.

In teammanager fan De Jouwer krige in telefoantsje mei in jildoanbod as de Jousters Lienden winne litte soene. De beller sei dat er fan de supportersferiening fan Lienden wie. De Jouster gie net op it oanbod yn. De KNVB wol der wurk fan meitsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)