Ombudsman set plysje teplak

11 aug 2009 - 20:50

De nasjonale ombudsman hat de plysje Fryslân in tik op 'e fingers jûn. In ynwenner fan Fryslân hie by de ombudsman fjouwer klachten yntsjinne oer de plysje, trije fan dy klachten wiene neffens de ombudsman terjochte.

Neffens de man is hy troch de plysje net goed op 'e hichte hâlden fan in oanjefte fan stalking, dy't tsjin him dien wie troch de nije freon fan syn eks-frou. De man wie ek lulk omdat de plysje in oanjefte fan him tsjin dy man net opnimme woe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)