Ombudsman helpt Ljouwerter

01 apr 2010 - 13:45

De Nationale Ombudsman hat in Ljouwerter (28) dy't troch de plysje mei syn gesicht op in placemat set wie en dêroer in klacht by him yntsjinne hie, gelyk jûn. Nei de Cambuurrellen fan juny ferline jier hie er in stadion- en omjouwingsferbod krigen.

Ut ûndersyk fan justysje die bliken dat de man gjin skuld hie. De placemats leine by de plysje yn de kantine. De Ljouwerter wachtet der nei de útspraak op dat de plysje him yn 'e mjitte komme wol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)