Ombrochte frou komt út Ljouwert

20 okt 2015 - 14:39

De frou dy't moandei omkaam is by in misdriuw by de boathuzen oan de Potmarge yn Ljouwert wenne yn Ljouwert. De famylje fan it slachtoffer is ynljochte. De frou waard op de Alde Lune troch de fertochte mei in flesse op 'e holle slein. De helptsjinten koene har net mear rêde.

De plysje sil tiisdei mei in ferklearring komme. Dan sil mear dúdlik wurde oer it misdriuw. Tiisdeitemoarn wie de plysje by it fytspaad noch altyd dwaande mei ûndersyk.

De Ljouwerter riedsfraksje fan D66 hat fragen steld oan de gemeenteried nei oanlieding fan it gefal fan it swiere misdriuw fan moandeitemiddei. De man dy't de frou deade hie, wurdt der ek fan fertocht dat er dêrfoar in oare frou stutsen hie.

De Ljouwerter D66-fraksje makket him grutte soargen oer de swiere geweldsdelikten. Se wolle fan boargemaster en wethâlders witte wat der dien is mei sinjalen fan ûndernimmers dy't harren al langer soargen makken oer it hâlden en dragen fan de man. Dêrneist wol de fraksje witte oft de man in eks-tbs'er is, wat troch in soad boarnen oanjûn wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)