'Omar yn Amsterdam fermoarde'

18 sep 2014 - 16:24
  • It plak fan de Tsjûkemarmoard

De 35-jierrige Omar Kourrich út Amsterdam, dy't yn 2013 dea fûn waard by de Tsjûkemar, is neffens it Iepenbier Ministearje yn Amsterdam om it libben brocht. Dit waard tongersdei dúdlik op de rjochtbank yn Ljouwert. De achtergrûn fan de moard is noch altyd ûndúdlik.

Neffens it Iepenbier Ministearje is it slachtoffer yn in winkel fan ien fan de fertochten ombrocht en dêrnei by de Tsjûkemar yn 'e brân stutsen. It IM giet der fanút dat der fiif persoanen belutsen binne by de moard. De haadfertochte is yn july yn syn sel stoarn.

Tongersdei is yn in pro-formasitting de saak fan in oare fertochte Marian H. behannele. Ek waard bekend makke dat der noch in oantal tsjûgen heard wurde moatte, foardat de saak ynhâldlik behannele wurde kin. De auto fan it slachtoffer moat ek noch ûndersocht wurde. It is noch net dúdlik wannear't de saak ynhâldlik behannele wurde sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)