Olympyske izers út Nes-D

14 feb 2006 - 09:56

De Amerikaan Chad Hedrick waard Olympyske kampioen op redens út Fryslân. By it bedriuw fan de bruorren Visser yn Nes-D meitsje se de ûnderstellen fan redens foar in soad toppers út de reedriidwrâld, benammen Amerikanen en Kanadezen.

Se meitsje ûnderstellen foar Maple út Diever. Dy kamen yn Nes út, om't Anne Visser in slypmasine útfûn hat dêr't twa redens tagelyk yn kinne. Der wurkje op it stuit 7 minsken yn it fabrykje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)