Olympyske Friezen op snein

29 jul 2012 - 08:49

Op de twadde dei fan de Olympyske Spelen komme snein ek wer in pear Friezen yn aksje.

Siler Pieter-Jan Postma fan Terkaple sylt syn earste en twadde race yn de Finn-klasse op it wetter fan Weymouth. Follyballer Richard Schuil fan Ljouwert komt mei syn maat Reinder Nummerdor foar it earst yn aksje yn it Olympysk beachfollybaltoernoai. En turnster Céline van Gerner fan turnskoalle Hearrenfean sil besykje har te kwalifisearjen foar de mearkamp en ek foar de tastelfinales.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)