Olympysk jild foar Warns

14 nov 2012 - 21:11
  • De biljertklub fan Warns

Mei in bydrage fan sportkoepel NOC*NSF hopet de Warnzer Sportferiening de ynwenners fan Warns oan it sporten te krijen. It doarp krijt fan de koepel goed 42.000 euro. Doel is mei dat jild de Warnzers yn 'e kunde komme te litten mei sporten dy't no noch net yn it doarp oanbean wurde.

It giet dan bygelyks om streetdance, zumba en sloeproeien. Op dit stuit wurdt mei in enkête útsocht fan wat foar sporten it measte ferlet is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)