Olympysk alvetal nei Qatar

08 nov 2006 - 14:29

It Olympyske alvetal fan Yndonesië fan bûnskoach Foppe de Haan is woansdei fuortgien nei Qatar. Dêr binne de kwalifikaasjewedstriden foar de Olympyske Spelen fan 2008 yn Peking. De seleksje wie yn Nederlân om hjir ûnder lieding fan De Haan te trenen en oefenwedstriden te spyljen.

De Haan sels sil 17 novimber ôfreizgje nei Qatar. Op 18 novimber wurdt de earste wedstryd spile tsjin Irak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)