Olympia´s Tour: Bos wint etappe

17 maaie 2006 - 09:27

Marco_Bos út Roden wûn tiisdei de tredde etappe fan Olympia´s_Tour. De etappe gie oer de Ofslútdyk nei Fryslân mei einstreek yn Surhústerfean. Troch de hurde wyn waard it in slitaazjeslach. De finale waard riden mei in kopgroep fan 30 man, mei Marcel_Beima en Folkert_de_Haan. Bos wie de rapste.

De Litouwer Bagdonas waard twadde, Marvin_van_der_Pluijm tredde. Woansdei giet de Tour nei Hardenberg.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)