Olof v.d. Meulen kriget spjelde

17 jan 2005 - 11:21

Foljeballer en trener Olof van der Meulen hat snein de gouden bûnsspjelde fan it Nederlânske Foljebal Bûn krigen. Dat barde nei ôfrin fan in demonstraasjepartij tusken de gouden foljebalploech fan Atlanta en in team fan all stars.

Van der Meulen krige de ûnderskieding út hannen fan syn âld-kollega Jan Posthuma. Ek Bas van de Goor krige in spjelde. De Olympiërs wûnen snein de wedstriid mei 2-0.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)