Olijve Metaal yn Easterwâlde is fallyt

17 des 2014 - 11:02
  • Olijve Metaal
  • Rudy Olijve fan Olijve Metaal wûn de Jonge Undernimmerspriis 2014

It bedriuw Olijve Metaal yn Easterwâlde is fallyt ferklearre. It stielkonstruksjebedriuw hie goed 30 meiwurkers yn tsjinst. Direkteur Rudy Olijve wûn yn juny fan dit jier de Jonge ûndernimmerspriis fan it Noarden, in ûnderskieding fan de Keamer fan Keaphannel, de NOM, SNN en de Noardlike provinsjes.

Der wie in skuld fan san 700.000 euro. Neffens kurator Tinco Detmar fan Machiels Advocaten is it bedriuw te gau groeid. De 30 meiwurkers steane op strjitte. Der is foarearst gjin belangstelling foar in oername.

Eigener Rudy Olijve fynt it ferskriklik dat flak foar de krystdagen safolle minsken op strjitte komme te stean. Hy kin noch neat sizze oer de takomst, om't der noch gjin dúdlikheid oer is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)