Olijnsma stoppet mei keatsen

08 aug 2012 - 06:07

Martijn Olijnsma hâldt op mei keatsen. Olijnsma is bot teloarsteld yn syn maat Hylke Bruinsma. Dy hat der foar keazen om it kommende seizoen fierder te gean mei Johan van der Meulen en Renze Pieter Hiemstra. Boppedat spilet mei dat de 23-jierrige Olijnsma in soad lêst hat fan blessueres.

Jan Dirk de Groot en Pier Piersma sille fierder mei Marten Feenstra. Folkert van der Wei hat stellen mei Menno van Zwieten en Hans Wassenaar. Pieter van Althuis formearret in partoer mei Jacob Klaas Haitsma en Hendrik Bouwhuis.

Alle Jan Anema sil fierder mei Bauke Triemstra en Hendrik Kootstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)