Olijnsma nei heale finale

03 aug 2011 - 16:12

Martijn Olijnsma giet mei syn partoer troch nei de heale finale fan de PC. Olijnsma en dy wûnen yn de twadde omloop mei 5-2 en 6-2 fan it partoer fan Hendrik Tolsma mei Michel van der Veen en Peter de Boer.

De tsjinstanner fan Olijnsma komt út de partij tusken de partoeren fan Rutmer van der Meer en Michiel Scheepvaart. It partoer Van der Meer moast healwei de partij fierder sûnder Karel Nijman fanwege in ribblessuere. Pier Piersma is syn ferfanger.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)