Olijnsma en Hempenius winne yn Nijlân

06 jun 2015 - 23:42

Martijn Olijnsma, Taeke Triemstra en Sjoerd de Jong ha sneon de trochinoar lotterspartij yn Nijlân wûn. Yn de striid om priis en preemje waard it trio fan Menno van Zwieten, Herman Sprik en Hans Wassenaar mei 5-2 en 6-6 ferslein.

By de froulju wie de winst foar Nicole Hempenius, Feikje Bouwhuis en Manon Scheepstra. Yn de finale wiene Lisette Wagenaar, Imke van der Leest en Sjanet Wijnia mei 5-1 en 6-4 it folle mindere partoer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)