Oldtimertocht giet troch

10 maaie 2013 - 21:07

De alvestêdetocht foar oldtimers giet sneon troch. De organisaasje hat dat besletten nei't freedtejûn dúdlik waard dat de fjouwer slachtoffers fan it ûngelok mei in oldtimer net yn libbensgefaar binne.

De byrider fan de ûngeloksauto, in man fan 74 út Balk, rekke ferwûne oan 'e holle. In echtpear fan 79 en 77 út Loosdrecht en in 66-jierrige man út Wijdewormer sieten yn de tinte en rekken ek ferwûne. Ien slachtoffer is freedtejûn troch de organisaasje ophelle út it sikehûs. De oare trije binne goed oansprekber

De dielnimmers binne neffens foarsitter Bouland ferromme no't bliken docht dat de ferwûnings tafalle. In MG út 1938 ried freedtemiddei yn folle gong in feesttinte yn, nei't it gaspedaal fan de oldtimer hingjen bleau.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)