Oldtimers lûke soad folk

29 maaie 2014 - 16:50
  • Lange files by Hoarnstersweach en Jobbegea
  • Underdiel fan it festival is in Hoarnstersweachster 'swarte cross'

It 19de Oldtimerfestival yn Hoarnstersweach is tongersdei in grut sukses wurden. Der kamen safolle minsken nei it grutste Oldtimerfestival fan Noard-Nederlân, dat lokale ferkearsopstoppings en lange wachttiden it gefolch wiene. Mei-inoar luts it festival tusken de 13.000 en 15.000 minsken.

Ek rekke it mobile netwurk oerbelêste en wie Hoarnstersweach foar in skoft net berikber. De minsken dy't der wiene hiene in moaie dei en seagen har eagen út. Njonken âlde auto's wiene der ek races, muzyk en strjitteater.

Yn tweintich jier tiid hie it noch net sa drok west op it Oldtimerfestival, seit de organisaasje. De gaos wie grutter as oars, omdat se de auto's fan besikers dizze kear net kwyt koene yn de wiete greiden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)