Oldtimereigeners ferfange tank

10 apr 2014 - 16:09
  • Oldtimer

Tûzenen eigeners fan oldtimers hawwe de ôfrûne moannen de gastank fan har auto ferfongen troch in gewoane benzinetank. Dit blykt út sifers fan de RDW. Dit dogge se om foar te kommen dat se maksimale wegebelesting betelje moatte. Neffens de nije regeling foar oldtimers jildt dat in eigener fan in oldtimer jonger as 40 jier dy't op gas rydt, maksimale wegebelesting betelje moat. In auto op benzine is goedkeaper.

Romke Postma fan autobedriuw Postma yn Damwâld, fynt it skande dat de nije regel der is. 'Eigeners meitsje in soad ekstra kosten.'

Neffens de nije regeling foar oldtimers, dy't sûnt 1 jannewaris fan tapassing is, jildt in frijstelling fan wegebelesting pas by de automodellen fan 40 jier of âlder. Foar oldtimers dy't tusken de 26 en 40 jier âld binne, jildt foar benzineauto's in oergongsrezjym mei in maksimaal taryf fan 120 euro per jier. Foar oldtimers dy't op lpg of disel ride, moatte minsken it folledige taryf wegebelesting betelje, oant de auto 40 jier âld is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)