Oldtimer útbaarnd op Wâldwei

14 apr 2011 - 21:32
  • De oldtimer baarnde hielendal út (foto: Raymon Otter HvNieuws.nl

In oldtimer Vista Cruiser út 1967 is tongersdei oan de ein fan de middei útbaarnd op de ôfrit nei De Rottefalle op de Wâldwei. De bestjoerder ried op de Wâldwei en fernaam dat der wat mis wie mei de auto. Dêrom naam hy de ôfslach, mar doe bruts it linkerachtertsjil ôf en fleach de auto yn de brân.

De brânwacht fan Drachten hat de auto blust, mar de oldtimer rydt nei alle gedachten noait wer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)