Oldtimer feesttinte ynriden

10 maaie 2013 - 16:24
  • Auto by Wikel feesttinte ynriden
  • Auto by Wikel feesttinte ynriden

Op kemping 't Hop by Wikel binne freedtemiddei fjouwer minsken ferwûne rekke, nei't in auto in feesttinte ynriden wie. Fan de kemping ôf giet sneon de alvestêdetocht foar oldtimers fan start.

It ûngelok ûntstie doe't fan in MG út 1938 it gaspedaal hingjen bleau. De auto ried yn folle gong de feesttinte yn op in groep pommeranten. De plysje meldt dat der fiif ferwûnen binne. De traumahelikopter is ek oanwêzich.

De oldtimer dy't it ûngelok krige, gie as twadde auto fan start foar de tocht Rondje Gaasterland fan 30 km. Dat is in 'opwaarmerke' dat altyd plakfynt op dei foar de alvestêdetocht foar oldtimers. De tocht Rondje Gaasterland giet no net troch. De organisaasje tinkt noch nei oer wat te dwaan mei de alvestêdetocht foar oldtimers fan sneon.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)