Oldepop giet net troch

26 maaie 2014 - 11:11
  • Oldepop 2014

It Oldepopfestival by de Aldehou yn Ljouwert giet net troch. It festival soe kommende freed heve, mar de organisaasje seit dat it 'troch omstannigheden' net trochgean kin.

Op it festival soe Guus Meeuwis komme as haadact. De kaartsjes dy't al kocht binne, bliuwe jildich. Wannear't it festival wol trochgiet, is ûndúdlik, likemin as de reden fan de ôfsizzing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)