Oldenburger meldt him by plysje

14 maaie 2001 - 00:00

Syb Oldenburger hat himsels melden by de plysje. Oldenburger wie spoarleas sûnt ferline jier syn ôffalferwurkingsbedriuw fallyt gie. Hy blykt moannenlang taholden te hawwen yn súdlike lannen en hat dêr 150.000 gûne útjûn.

De kurator fan Oldenburger hopet dat de ôfhanneling fan it fallisemint no gau dien is. Op it terrein fan Oldenburger binne de lêste tiid in soad fernielings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)