OKT: Leenstra 2e op 1000 meter

26 des 2013 - 17:47
  • Marrit Leenstra yn aksje
  • De bliidskip wie grut by ploechgenoates Leenstra en Van Beek

Lotte van Beek wûn op twadde krystdei de tûzen meter fan it Olympysk kwalifikaasjetoernoai op Thialf yn in tiid fan 1.15.18. Sy fersloech yn in direkt duel Marrit Leenstra, dy't mei 1.15.26 twadde waard. Lotte van Beek en Marrit Leenstra hawwe harren sadwaande direkt kwalifisearre foar de Olympyske Spelen.

Ireen Wüst waard tredde yn 1.15.47. Sy kin kwalifikaasje ôftwinge troch op oare ôfstannen sterk te riden. Margot Boer waard fjirde yn 1.15.52. Boer kin har kwalifisearje foar Sotsji troch in goeie 500 meter te riden.

Thijsje Oenema waard sânde yn 1.16.43, Manon Kamminga achtste yn 1.16.57 en Antoinette de Jong njoggende yn 1.16.69. Dy lêste tiid wie in baanrekôr foar junioaren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)