OKT freed: 500 meter en 3 km

27 des 2013 - 10:53

Op it Olympysk kwalifikaasjetoernoai op Thialf steane freed de 500 meters foar manlju en de 3 kilometer foar froulju oan it programma. Sjoerd de Vries start yn de 3e rit tsjin Gerben Jorritsma. Jesper Hospes rydt yn de foarlêste rit tsjin Pim Schipper.

By de 3 kilometer fan de froulju steane in grut tal Fryske froulju oan de start, ûnder oare Imke Vormeer, Yvonne Nauta en Antoinette de Jong. Sy nimt it yn de slotrit op tsjin Ireen Wüst. De wedstriden begjinne freed om 17.18 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)