OKK Bitgum hellet bakseil

15 aug 2014 - 05:53
  • Keatsen

De keatsferiening OKK Bitgum is dochs troch de knibbels gien. De Bitgumers woenen foar harren keatsdagen nije wike sels lotsje. De KNKB ferbiedt dit. Der moat sintraal lotte wurde fanwege it rankingsysteem. Krekt as yn Makkum earder, drigen ek de keatspartijen yn Bitgum oanmurken te wurden as wylde partijen as der sels lotte wurde soe.

De KNKB die Bitgum wol in bysûndere tasizzing. Takom jier, by it 120-jierrich bestean, sille der op de frije formaasjepartij 12 partoeren op de list komme yn stee fan 10. Ek mei de klup dan wol sels lotsje.

Om de fiif jier wurdt der yn Bitgum keatst om hynders.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)