OK MCL Harns net ûntmantele

13 des 2007 - 16:46
  • OK MCL Harns net ûntmantele

De operaasjekeamers yn sikehûs MCL yn Harns wurde foarearst net ûntmantele. De Twadde Keamer sjocht oft it sikehûs ekstra jild krije kin foar iepen hâlden fan de foarsjenning. De gemeenteried hat praat mei soarchgroep Noorderbreedte.

De apparatuer bliuwt dus foarearst stean. De operaasjekeamers gean nei febrewaris dochs ticht om't se net foldogge oan de easken fan de ynspeksje. Ferbouwe kostet 3 miljoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)