Ogbeche sjit Cambuur yn blessueretiid njonken Excelsior

17 apr 2015 - 22:06

SC Cambuur helle freedtejûn yn eigen hûs op it nipperke in punt tsjin Excelsior. De saaie wedstriid einige yn 1-1. Pas yn blessueretiid koe Bartholomew Ogbeche de achterstân fuortwurkje dy't Cambuur oan it begjin fan de twadde helte oprûn. Doe makke Adil Auassar mei in hurde knal de 0-1 foar Excelsior. Ogbeche koe de lykmakker binnensjitte nei't de Rotterdammers der net yn slaggen de bal achteryn fuort te krijen.

Cambuur stiet op it achtste plak mei ien punt foarsprong op Willem II en FC Grins. Dy ploegen treffe mekoar sneontejûn.

Troch it lykspul tsjin Excelsior hat Cambuur wol it punterekôr fan 'e klup brutsen. Nea earder hellen de Ljouwerters yn 'e earedivyzje fjirtich punten yn ien seizoen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)