Ogbeche begjint yn de basis

26 jan 2014 - 12:16

De nije Cambuurspiler Bartholomew Ogbeche sil snein yn de basis begjinne yn de Fryske twastriid tsjin SC Hearrenfean. Ogbeche start yn plak fan Martijn Barto. De Nigeriaanske spits waard tiisdei fêstlein foar de rest fan it seizoen. Ogbeche hat de ôfrûne dagen al meitraind en ek meispile yn in oefenduel tsjin de reserves fan Go Ahead Eagles. Dêryn skoarde er fiif kear.

Ogbeche(29) spile earder foar Paris Saint-Germain en Middlesbrough. Hy wie boppedat mei it nasjonaal alvetal fan Nigeria aktyf op it WK fan 2002 yn Japan en Súd-Korea.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)