Ofwizing skoalle ûnterjochte

08 okt 2008 - 14:01

De oanfraach foar in nije skoalle foar partikulier fuortset ûnderwiis yn Hurdegaryp is ûnrjochtlik ôfwiisd. Steatssekretaris Bijsterveldt fan ûnderwiis joech by Keamerfragen ta dat se fout wie by de ôfwizing fan it Tjalling Koopmans College.

Se wie by de ôfwizing útgien fan de wetlike maksimum reistiid fan trije kertier. Se rekkene dêrby in reistiid fan stasjon nei stasjon, wylst neffens in tal Keamerfraksjes útgien wurde moat fan de tiid fan hûs nei skoalle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)