Ofvaloven Harns bûten wurking

30 maaie 2013 - 13:58
  • REC ôffaloven

De ôffaloven yn Harns is bûten bedriuw. De ynstallaasje moast moandei stilset wurde neidat in kuolwetterlieding rekke wie by graafwurk. Doe't de breuk makke wie, die bliken dat de kondensor ek lek rekke wie. Dêrtroch wurdt sâlt wetter yn de oven pompt yn stee fan swiet wetter. Dat hat ynfloed op de hiele ynstallaasje, want alle liedings moatte trochspield wurde.

Der hie sneon in iepen dei wêze sillen by de REC. Dy giet net troch fanwege de problemen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)