Ofspraken tusken skoallen

17 des 2007 - 11:32
  • Skoallen yn Ljouwert en St. Anne hawwe ôfspraken makke tsjin wyldgroei fan opliedings

VMBO-skoallen yn Ljouwert en Sint Anne hawwe ôfspraken makke tsjin wyldgroei fan opliedings. Deselde oplieding kin faker oanbean wurde, wylst der net genôch learlingen binne. De kwaliteit fan it ûnderwiis wurdt dan minder en de kâns op skoalferlitters grutter.

Der is ek ôfpraat dat VMBO-opliedings better oanslute moatte op de MBO-ferfolchstúdzjes. It ministearje fan ûnderwiis moat de ôfspraken noch goedkarre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)