Ofspraken oer waarberjocht

20 sep 2012 - 17:22

Fjouwer grutte waarburo's hawwe ôfspraken makke mei de hoareka- en rekreaasjesektor oer de waarberjochten. Reden is de ûnfrede fan ûndernimmers oer ferkearde foarsizzings. Der is ôfpraat dat de lange termyn ferwachtings minder algemien wurde. De klam komt mear te lizzen op pleatslike ferskillen.

Personiel fan de Ryksuniversiteit Grins is tongersdei te silen by Heech. Se treffe it mei it waar, it is droech. Mar wat as der 90 prosint rein foarsein is?     

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)