Ofspraken oer kampearbuorkerij

27 jul 2003 - 00:00

In part fan de akkomodaasje fan kampearbuorkerij Luctor et Emergo yn Warten mei wer brûkt wurde. De eigners ha dêroer ôfspraken makke mei de gemeente Boarnsterhim. Ofrûne woansdei waard it gebou sletten om't it te gefaarlik wêze soe.

Kontroleurs konstatearren dat flechtrûtes net goed oanjûn stiene en dat der gjin brânblussers wiene. As der oanpassings dien wurde, mei de ûnderferdjipping wer iepen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)