Ofspraken oer gefolgen rampen

14 feb 2006 - 09:55

By in ramp yn in Fryske gemeente wurde de nammen fan slachtoffers en harren famylje tenei fêstlein troch it Reade Krús. De gemeenten hawwe dêr in oerienkomst oer tekene mei it Reade Krús en de brânwacht.

Op dit stuit is it byhâlden fan nammelisten noch de taak fan de gemeente, mar it hat yn it ferline bliken dien dat dat net tafalt. Ien sintraal registraasjeburo is aktyf as der in ramp bart, sa is ôfpraat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)