Ofspraken oer gebrûk Waadsee

09 feb 2010 - 10:50

Mokselfiskers en natoerbeskermers binne it iens wurden oer it gebrûk fan de Waadsee. Der is ôfpraat dat de fiskers saneamde fangstynstallaasjes foar mokselsied brûke sille yn stee fan it fan de boaiem heljen fan it sied.

Yn 2008 wiene fiskers en natoerbeskermers it iens dat se it net foar de rjochter útfjochtsje moasten. Fan dy tiid ôf is besocht oerienstimming te krijen oer it ferbetterjen fan de natoerwearden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)