Ofspraken oer duorsume enerzjy

12 mrt 2008 - 23:39

Op 24 maart sille de fjouwer noardlike provinsjes mei hast alle gemeenten yn harren gebiet om tafel om te praten oer de ambysjes op it mêd fan duorsume enerzjy. Doel is om ta konkrete ôfspraken te kommen.

Ein ferline jier hawwe de provinsjes al mei it kabinet ôfspraken makke oer duorsume enerzjy. De provinsjes wolle ûnder oare besykje de kommende jierren in heal miljoen húshâldens enerzjyneutraal te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)