Ofspraak Ljouwert/De Friesland

15 maaie 2013 - 14:18
  • Gebou fan De Friesland yn Ljouwert

Friezen dy't soarch nedich ha meie net tusken wâl en skip falle. Dat fine de gemeente Ljouwert en De Friesland Soarchfersekerder. Beide partijen ha dêrom woansdei in konvenant sletten om mei-inoar gear te wurkjen. Faak is net dúdlik wêr't bygelyks in oanfraach foar thússoarch dien wurde moat; by de gemeente of by de fersekerder.

It konvenant moat der foar soargje dat pasjinten hoe dan ek holpen wurde, ek as se net by de goede ynstânsje binne. It doel is dat it belied earst yn Ljouwert útfierd wurdt en letter yn hiel Fryslân útrôle wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)