Ofslutings op Drachtsterplein

13 aug 2012 - 12:14

Op it Drachtsterplein yn Ljouwert sil it ferkear fan 16 oant 27 augustus noch mear hinder hawwe. It plein wurdt hielendal fernijd. De kommende tiid gean wegen ticht. Yn 'e wykeinen wurde sels ferskate wegen tagelyk tydlik ôfsletten. It giet om de ôfslach fan it MCL de stêd út en dy fan De Himrik ek de stêd út. Fan De Himrik rjochtút rjochting MCL kin dan eefkes ek net.

De ôfsluting is nedich omdat de oannimmer de romte hawwe moat. Begjin septimber kin it ferkear wer oer it plein ride.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)