Ofslútdykbus mooglik yn staking

25 sep 2004 - 15:22

De Q-liner oer de Ofslútdyk riidt moandei mooglik net. Wurknimmers fan Ferfiersbedriuw Connexxion gean miskien yn staking. As dat trochgiet, leit it hiele iepenbier yn Noard-Hollân plat. Dat hat ek gefolgen foar busline 350, de Q-liner tusken Fryslân en Noard-Hollân. Dy bus riidt dan net.

De ritten fan it Fryske Noordned geane yn it gefal fan in staking wol troch. Der wurdt inkeld riden tusken Ljouwert en de Ofslútdyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)